2005-05-06 12:14

Antke van der Wal hâldt op

Omrop Fryslân: Antke van der Wal hâldt op mei fierljeppen. De 29-jierige ynwenster fan Gryptsjerk jouwt as reden dat de motifaasje fuort is.

Boppedat kin de fierljepster it net goed kombineare mei har ûnregelmjittiche wurk.

Van der Wal is de suksesfolste fierljepster fan Fryslân oait. Op dit stuit is sy noch hâlder fan it Frysk -en nasjonaal rekord mei 15.30 meter.
Derneist wûn sy njoggen kear it Fryske Kampioenskip en 154 deititels.